Praat Fan De Wyn Songtext - Nynke Laverman

Praat Fan De Wyn - Nynke Laverman

It is neat oars as de wyn
Dy't my nachts wekker makket
Nee, nee, neat oars as de wyn
Dy't tsjin my praat yn 'e sliep
It is neat oars as de wyn

O fanke, mar ien kear sil er komme
Hy blaast it stof út dyn reade fingers
Hy waait de tear út dyn swarte klean
Stil sil de moanne oer it skouder sjen

It is neat oars as de wyn
Dy't my nachts wekker makket
Nee, nee, neat oars as de wyn
Dy't tsjin my praat yn 'e sliep
It is neat oars as de wyn

Stil sil de moanne oer it skouder sjen
En de wyn sil in hûs fol earms wêze
En de wyn sil in hûs fol stjerren wêze
O fanke, mar ien kear sil er komme

Dan is dyn bêd in draaiende wynmûne
Dan is dyn lekken in teken op de wyn
Helje it wetter út dyn tosken en kiezzen
En de wyn sil in hûs fol earms wêze
Helje it fjoer út dyn neils en skonken
En de wyn sil in hûs fol stjerren wêze

It is neat oars as de wyn
Dy't my nachts wekker makket
Nee, nee, neat oars as de wyn
Dy't tsjin my praat yn 'e sliep
It is neat oars as de wyn


Video: Praat Fan De Wyn von Nynke Laverman

Teilen

Zeige deinen Freunden, dass dir Praat Fan De Wyn von Nynke Laverman gefällt:

Kommentare