Oant De Diggels Songtext - Nynke Laverman

Oant De Diggels - Nynke Laverman

Ik dichtsje hâldfêst
Ik leau om't ik sjong
Ik dûnsje my moed
Ik dream oant it brekt

As de dei har fan my ôfkeart
En it ljocht út alles weilûkt
As de stilte oan my skuort
Rjochtsje ik myn rêch en neam my fadista

En as ik dûnsje mei de sinne
Swit ik my dronken fan it libben
It swit, de rein en de triennen
Se binne gelyk en ik wol drinke

En om't ik dichtsje
Sil ik leauwe
Dwers troch de kolken fan fertriet
En om't ik sjong
Sil ik priuwe
Myn tonge sear fan al it swiet
En soe it libben my brekke
Oant de diggels sil ik dreame


Video: Oant De Diggels von Nynke Laverman

Teilen

Zeige deinen Freunden, dass dir Oant De Diggels von Nynke Laverman gefällt:

Kommentare