De Wite Moarne Songtext - Nynke Laverman

De Wite Moarne - Nynke Laverman

De hiele nacht ha ik net sliept
En myn kessen is noch waarm
Sa waarm oan beide kanten
En wer bin ik dronken wurden
Fan allinne dyn lûd op 'e drompel

De twadde kears dôvet
En de ravens skrieme

Te dreamen fan ús sliep tegearre
It is te let, it is fierste let
Mar de doar sit net ticht
De iere sinne rûkt nei see
En ik ha de moed net mear
Op bêd te gean, te sliepen

De twadde kears dôvet
En de ravens skrieme

Hoe ôfgryslike wyt is it blyn
Foar it wite rút
Hoe soe ik no sliepe
Dreame fan ús, it is te let
En ik ha de moed net mear
Op bêd te gean
Hoe ôfgryslike wyt is dizze moarne

De twadde kears dôvet
En de ravens skrieme


Video: De Wite Moarne von Nynke Laverman

Teilen

Zeige deinen Freunden, dass dir De Wite Moarne von Nynke Laverman gefällt:

Kommentare