De hel foarby
Quelle: Spotify
It wie in ferlitten frjemte, in grauwe grize gloed
It fêste foele bûnzjen fan myn bloed
It lûd fan iis en izer, fan wyn en waar en kjeld
Fan ritmes yn in rauwe rûge hel
Ferbline troch de fiere wite djipte
Ferwûne troch in wrede wite wrâld
De krêft dy k yn my fielde, wie de krêft die kaam fan dy
As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my
Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie ik de hel foarby
Fertizing, twang en twyfel, ferdwazing, pyn en striid
It trage twingend tellen fan de tiid
Hoe't alles yn my raasde om net mear troch te gean
Doe seag ik oan de eachein dy wer stean
De hel dy gie foarby mar net allinnich
It krús dat draach ik op myn hert foar dy
De krêft dy 'k yn my fielde, wie de krêft die kaam fan dy
As in beaken soest my liede, as in fjoer wiesto yn my
Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie ik de hel foarby
De hel foarby
Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie ik de hel foarby
De krêft die kaam fan dy
As in beaken soest my liede
As in fjoer wiest do yn my
Yn t tsjuster fan de ierde wiest it skynsel op myn wei
Op dyn wjukken gie ik de hel foarby
Zeige deinen Freunden, dass dir De hel foarby von De Kast gefällt:
Kommentare